It Iepenbier Ministearje (IM) yn Noard-Nederlân hat tsjin in 35-jierrige man út de gemeente Harns en in 49-jierrige man fan Skylge in taakstraf fan 180 oeren en in foarwaardelike selstraf fan 3 moannen easke. It IM ferwyt de beide manlju dat se op 21 oktober 2022 in ûngelok yn it Skûtengat op de Waadsee foarkomme kinnen hiene.
By dat ûngelok kamen fjouwer minsken om it libben. Ien fan harren wie in jonge fan 12 jier. Syn lichem is nea weromfûn. Ek rekken fjouwer minsken, ûnder wa de 35-jierrige fertochte, (swier) ferwûne. It OM ferfolget beide skippers foar dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel troch skuld en it dwaan sinken fan in skip mei de dea of libbensgefaar as gefolch.
Kolossaal ferlies
De oanfarring hat it libben fan alle belutsenen foar altyd feroare. Foar de neibesteanden is it ferlies kolossaal. Twa-en-in-heal jier nei it ûngelok besykje se harren libben stadichoan wer op te pakken, sa sizze de offisieren fan justysje. “Mar it ferlies sil altyd bliuwe. Dizze strafrjochtlike proseduere kin dat net weinimme of kompensearje. Der sil gjin straf wêze dy’t rjocht docht oan it leed dat by harren oanrjochte is.”
Te hurd fearn
De 35-jierrige fertochte is skipper fan in wettertaksy en de 49-jierrige fertochte de kaptein fan in fearboat. De fearboat en de wettertaksy moasten inoar op dy needlottiche dei om likernôch kertier oer sân moarns passearje yn it Skûtengat, in fargeul súdlik fan Skylge. Yn dy fargeul jildt op dat stuit in maksimum faasje fan 20 km/oere. De wettertaksy fart sa’n 30 km/oere, de fearboat sa’n 55 km/oere.
Stjoerboard en bakboard
It is noch tsjuster op de Waadsee as de beide boaten inoar tichterby komme. De kaptein fan de fearboat nimt koart foar de oanriding fia de marifoan kontakt op mei de skipper fan de wettertaksy. Hy freget wat te dwaan, wêrop de skipper fan de wettertaksy ropt: “Sis it mar.” De fearboatkaptein docht dan it foarstel om inoar ‘gewoan’ oan stjoerboardkant te passearjen, omdat de wettertaksy op dat stuit al slingere en wat oan de ferkearde kant fan syn fargeul sit. Op dat foarstel komt gjin reaksje. It ‘petear’ fan 20 sekonden einiget sûnder ôfspraken; de boaten sitte dan noch sa’n 400 meter faninoar ôf.
Nei it petear giet de kaptein fan de fearboat derfan út dat de boaten inoar oan elkoars stjoerboardkant passearje sille, wylst dat op it wetter gewoanwei fia bakboard kant bart. It OM stelt ek fêst dat op it allerlêste momint de wettertaksy in stjoerbeweging nei stjoerboard makket, wêrmei it skip yn it fargebiet fan de fearboat komt. Koart dêrnei komme se mei-inoar yn botsing.
Meardere faktoaren
Neffens it IM is it ûngelok ûntstien trochdat de beide skippers oars en earder hannelje moatten hiene. Sa hie der ûnder oaren stadiger fearn wurde moatten. Mei in legere snelheid hiene de boaten mear tiid hân om de situaasje goed yn te skatten.
Dêrnjonken is it marifoanferkear net goed ferrûn, sa sizze de offisieren fan justysje. De skipper fan de wettertaksy hie reagearje moatten op it foarstel fan de kaptein fan de fearboat, en tagelyk hie de kaptein om befêstiging freegje moatten.
It IM is fan miening dat beide skippers yn dizze situaasje foarsichtiger wêze moatten hiene. Sa hie de kaptein fan de fearboat dúdliker oanjaan moatten hokker koers er farre soe, en hie de skipper fan de wettertaksy net op it allerlêste momint in stjoerbeweging nei de fearboat meitsje moatten.
Grut farbewiis
Foar it farren mei in wettertaksy wie op it stuit fan it ûngelok in grut farbewiis ferplicht. De 35-jierrige fertochte hie dat net. Al waard der op de Waadsee in gedoogbelied hanthavene, wêrby’t farren sûnder grut farbewiis op wettertaksy’s akseptearre waard, wie dat op it momint fan it ûngelok net tastien. In betingst fan it gedogen wie nammentlik dat der net yn it tsjuster fearn wurde mocht sûnder dat farbewiis.
Libbensader
De fearboat en de wettertaksy binne de libbensaders fan de eilânbewenners, sa sizze de offisieren fan justysje. “Sûnder dizze boaten en minsken, lykas de fertochten, kinne se net nei skoalle, net nei it sikehûs, net trouwe, net wurkje of op fakânsje. Oarsom bringe de boaten toeristen en besite nei de eilannen. De boat is ûnderdiel fan it libben.”
De offisieren fan justysje fine dat de beide fertochten troch ûnfoarsichtich en ûnoandachtich farren it fertrouwen fan de eilânbewenners en oare passazjiers skeind hawwe. “Sy moatte derop fertrouwe kinne dat it oan board feilich is en dat der feilich fearn wurdt.”
Vergroot afbeelding
